Ferdûbeling tal Farsklêzers

17 des 2004 - 12:19

It literêr ynternet tiidskrift Farsk hat dit jier al twa kear safolle besikers lutsen as yn 2003. It tal besikers naam ta fan 23.000 oant 45.000 dit jier. Farsk publisearret njonken de ynternetsite ek in jierboek mei de seleksje fan 'e nijsgjirrichste teksten dy't op 'e site ferskynd binne en fjouwer oant seis Farskskriften.

De redaksje fan Farsk bestiet út Abe de Vries, Jetske Bilker, Marc R. Kooij en Albertina Soepboer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)