Ferdûbeling N31 kin fierder

06 feb 2013 - 11:11
  • De N31

De ferdûbeling fan de N31 by Harns kin fierder. De Ried fan Steat hat beswieren tsjin it nije trasee fan 'e hân wiisd. De beswiermakkers fûnen dat net de minister, mar lokale oerheden in beslút nimme moatte oer dat trasee. De minister fynt lykwols dat de dyk fan nasjonaal belang is. De Ried fan Steat is dat no mei de minister iens en wiist dêrom de beswieren ôf. De dyk wurdt oer in lingte fan 3 kilometer ferdûbele. Ek komt er oer in lingte fan twa kilometer yn in tunnelbak te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)