Ferdûbeling N31 begjint hast

24 okt 2006 - 15:00

Heal novimber begjinne de earste wurksumheden foar de ferdûbeling fan de N31 tusken Surch en Harns. By it krúspunt Kimswerderleane sil in wurkterrein ynrjochte wurde. Ek wurdt de rydstrookyndieling oanpast sadat it gewoane autoferkear net al te folle lêst hat fan frachtauto's dy't fan en nei it wurkterrein ride.

Op 16 novimber is der yn it gemeentehûs fan Wunseradiel in ynformaasjejûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)