Ferdûbeling fan it NORO-firus

02 jan 2013 - 17:13
  • Norofirus

It tal besmettings yn Fryslân mei it Noro-firus is it lêste jier mear as ferdûbele. Kamen yn 2011 by de GGD noch fjouwer meldings fan Fryske soarchynstellings binnen, oer 2012 wiene dat alve. Neffens de GGD binne benammen âldere minsken troch it firus troffen.

Slachtoffers fan de sykte ha lêst fan diarree en spuierij. Ferskate âldereintehuzen as Erasmushiem yn Ljouwert mar ek it Ljouwerter sikehûs MCL moasten yn desimber fanwege it NORO-firus ekstra isoalearjende en hygiëne-maatregels nimme. Der binne nammentlik noch gjin medisinen foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)