Ferdronken by rêdingsaksje hûn

29 sep 2013 - 16:18
  • Sykaksje nei drinkeling yn de Swimmer

Op de Burgumermar by de Swimmer is sneintemiddei in 58-jierrige man út Ambt Delden ferstoarn. De man siet op in boat en seach syn hûntsje de mar yn springen. Hy gong der achteroan, mar rekke sels yn need. Der waard in sykaksje opsetten. Dy hat ûngefear twa oeren duorre. Middeis om fjouwer oere hinne waard it slachtoffer dea fûn. Ek de hûn oerlibbe it ûngelok net.

De brânwacht wie mei meardere korpsen oanwêzich; ûnder oaren mei dûkteams. Ek is de traumahelikopter ynsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)