Ferdôving MCL tenei feiliger

28 jul 2008 - 20:48

Pasjinten fan it MCL-sikehûs yn Ljouwert wurde tenei feiliger pleatslik ferdôve. It giet om ferdôvings foar in operaasje oan in earm of in skonk. It sikehûs hat twa echo-apparaten oanskaft wêrtroch anesthesiologen folle better sjen kinne wêr't se prikke moatte.

Foarhinne moasten se gokke wêr't de senuwen sieten dy't ferdôve wurde moasten. De nije metoade is nofliker, omdat de senuwen net mear mei stroomskokken opsocht hoege te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)