Ferdivedaasje foar publyk riedsgearkomsten Dongeradiel

26 okt 2015 - 10:13
  • Gemeente Dongeradiel

De gemeente Dongeradiel start dizze wike mei ynterviews mei riedsleden, bestjoerders en publyk by riedsgearkomsten. De petearen wurde útstjoerd op televyzje en ynternet. Doel is de gemeenteriedsfergaderings oantrekliker te meitsjen foar minsken dy't dizze thús besjogge op televyzje of fia ynternet.

Der binne faak lange skorsings by de gearkomsten. De gemeente hat dêrom Willem de Boer, âld-sjoernalist fan de Ljouwerter Krante, frege om yn dizze skoften petearen te hâlden mei minsken yn de seal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)