Ferdigeningswurk Drylts los

11 jun 2010 - 17:57
  • Wethâlder Gerbrandy (rjochts) nimt it pontsje yn gebrûk

It projekt ferdigeningswurken Drylts is freed offisjeel iepene troch wethâlder Germ Gerbrandy fan Wymbritseradiel. It Alvestêdestedsje waard eartiids beskerme mei skean opstelde peallen, saneamde ruters. Dy binne der net mear, mar it plak dêr't se stien hawwe, komt symbolysk werom yn de foarm fan in kuierpaad.

Dat paad rint troch Ruterpolder en is 2,5 kilometer lang. De renovaasje fan de Uijlenburgerbrêge en de Uijlenburg binne ek ûnderdiel fan it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)