Ferdieldheid oer enkête Kollum

12 nov 2005 - 13:43

Winkellju yn Kollum binne ferbjustere oer de útkomsten fan in enkête oer de sluting fan de winkelstrjitte De Foarstrjitte. Studinten fan de NHL hawwe it ûndersyk útfierd. 36% fan de ûnderfregen is foar de ôfsluting en nochris in kwart hat gjin miening.

De pleatslike middenstân seit dat de sluting ten koste giet fan de omset. Dat hat earder bliken dien út in proef fan ferline jier. De bal leit no by de gemeente Kollumerlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)