Ferdield oer oanbou gemeentehûs

24 feb 2005 - 15:16

De nije oanbou oan it gemeentehûs fan Smellingerlân ropt ferdielde reaksjes op yn de polityk. Oan it besteande gebou yn Drachten moat in nije fleugel komme fan fjouwer ferdjippings, sa wolle B en W.

De riedskommisje giet net akkoart mei de plannen. Omwenners fine dat de nijbou sinneljocht fuortnimt. Mei de daktún op fjouwer heech binne se ek net wiis. Op 8 maart komt it foarstel fan B en W yn de ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)