Ferbûn Liet-Kulturele Haadstêd

27 sep 2012 - 17:14

Stichting Liet '91 en Liet Ynternasjonaal hawwe har freed offisjeel ferbûn oan de kandidatuer fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. Se hawwe dêrfoar op it stedhûs in ferklearring ûndertekene. Neffens Liet en Liet Ynternasjonaal passe de ambysjes hiel goed by elkoar.

Beide wolle mei keunst en kultuer befolkingsgroepen tichter byelkoar bringe. Boppedat stiet Liet International ek al op it programma fan de Kulturele Haadstêden Umea yn Sweden (2014) en Donostia-San Sebastian (2016).

Liet fiert op de twadde dei fan it Saailân-festival it tsienjierrich bestean. Dêr binne dan optredens fan âld-dielnimmers oan Liet International út Udmûrtië, Ruslân (Silent Woo Goore), Ierlân (Fiach), Finsk Laplân (SomBy), Eastenryk (Coffeeshock Company) en Astûrië (Xera).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)