Ferbouwing postkantoar klear

03 apr 2003 - 00:00

It âlde postkantoar oan de Twibaksmerk yn Ljouwert is yn âlde gloarje wersteld. It ryksmonumint is ferboud ta kongressintrum. Bedriuwen kinne dêr har gearkomsten, kongressen en sympoasia hâlde.

It gebou hat in soad skiednis. Yn de tritiger jierren stiene der rigen wurkleazen foar har útkearing by it postkantoar. Letter waarden dêr de earste tillefoantsjes yn de stêd trochferbûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)