Ferbouwing Koornbeurs leit stil

25 aug 2004 - 10:07

De Koornbeurs yn Frjentsjer sit yn de problemen. De boustop dy't de gemeente it teater koartlyn oplein hat, wurdt ferlingd. Berekkeningen en tekeningen binne net goed genôch om fierder te bouwen. Neffens direkteur Douma fan de Koornbeurs binne de problemen net sa grut as de gemeente tinkt.

Oft de earste foarstellingen troch de boustop yn gefaar komme, is noch net dúdlik. It gebou giet pas iepen as it feillich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)