Ferbouwing Kealledykje útsteld

18 nov 2013 - 15:06
  • Sporthal It Kealledykje yn Ljouwert

De ferbouwing fan de Ljouwerter sporthal It Kealledykje is útsteld. De hal wurdt earst takom jier simmer oanpakt, omdat er simmerdeis minder brûkt wurdt.

De hal is thúsbasis fan ûnder oare basketbalklup Aris. Der komme nije tribunes en romtes om sponsors te ûntfangen yn de hal. De ferbouwing sil oardel miljoen euro kostje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)