Ferbouwing doarpshûs Bontebok

09 okt 2014 - 19:49
  • It doarpshûs fan Bontebok kin opknapt wurde

De grutskalige ferbouwing fan it doarpshûs fan Bontebok kin trochgean. Dat komt troch de sluting fan de skoalle yn it doarp. De gemeente Hearrenfean hie noch 50.000 euro op de begrutting stean foar it opknappen fan it gymlokaal fan de Bontebokster skoalle, mar dy skoalle is sletten. It doarp hat no mei súkses oanspraak makke op dat jild. Dêrmei is de begrutting foar de ferbouwing rûn en kin it wurk oan doarpshûs de Bokkesprong nei it toanielseizoen begjinne. Foaral de húskes en de keuken moatte opknapt wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)