Ferbouwing ANWB-winkels

09 jul 2013 - 14:09
  • De ANWB-winkel yn Ljouwert.

De ANWB winkels yn Ljouwert en Drachten wurde fan septimber ôf ferboud. De winkels binne no net oersichtlik genôch en dit kostet de ANWB in soad omset. De winkels binne yn de ferbouwing twa wike ticht.

Winkels yn it midden fan it lân dy't al ferboud binne helje neffens de ANWB wol 50% mear omset. De ferbouwing sil plakfine yn oktober. De iepening fan de fernijde winkels soarge yn de oare winkels foar in soad oanrin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)