Ferbouwing âld-psychiatrysk sikehûs Frjentsjer is klear

07 des 2015 - 10:30
  • Ynterieur fan it nije Keningstate

De grutte ferbouwing fan it eardere psychiatrysk sikehûs Grut Lankum yn Frjenstjer is klear. It grutste ryksmonumint yn Noard-Nederlân wurdt fan jannewaris kommend jier ôf in wensoarchfoarsjenning.

Twa jier lang binne eltse dei hûndert minsken mei de bou dwaande west. Der binne 61 apparteminten en njoggen soarchhotelstudio's yn it gebou út 1930 kaam. De nije eigener, European Care Residences, nimt woansdei de kaaien fan ECR Keningstate offisjeel oer fan boubedriuw Dijkstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)