Ferbouwe yn Grou is goedkeapst

08 apr 2003 - 00:00

It gemeentekantoar ferbouwe is de goedkeapste opsje foar Boarnsterhim foar in nij gemeentehûs. Dat seit in wurkgroep fan riedsleden. De ferbouwing mei in nije riedsseal kostet goed twa miljoen euro. In earder plan om by de A32 te bouwen is folle djoerder.

De gemeente hat hast twa miljoen euro yn kas. Der wurdt al lang praat oer in nij gemeentehûs. In part fan de amtners wurket yn in tydlike kantoarromte om't it gemeentehûs yn Grou te lyts is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)