Ferboud Princessehof weriepene

23 maaie 2007 - 17:35

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert waard woansdei weriepene. De histoaryske gebouwen dêr't it museum yn sit binne de ôfrûne fiif jier restaurearre. Fierder krige it museum der 1500 kante meter by.

It museum stribbet der nei om de keramyk tichter by de besiker te bringen en hat dêr no ek de romte foar. It museum hat in kolleksje fan mear as 30.000 stikken diggelguod. Boargemaster Dales die de weriepening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)