Ferbou Sionsberg is klear

08 jan 2014 - 07:43
  • De Sionsberg

De ferbouwing fan sikehús De Sionsberg is klear. Neffens de Sionsberg sille de besikers it ferboude part net mear weromkenne, der is sprake fan in komplete metamorfoaze. De kommende dagen wurdt ferhuze en fan kommende moandei ôf begjint de nije wurkwize. It nije wurkjen is de lêste pear moanne oefene yn in pilot polyklinyk.

De offisjele iepening is op 1 febrewaris, dy sil dien wurde troch boargemaster Marga Waanders fan de gemeente Dongeradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)