Ferbou IIsherberch leit stil

15 sep 2008 - 15:02

De ferbou fan âld-teater de IIsherberch yn Dokkum ta tsjerke rint fertraging op, om´t der fersmoarge grûn ûnder de Eastertsjerke leit. De bedoeling wie dat de IIsherberch dizze moanne al brûkt wurde soe as tsjerke. De Eastertsjerke koe dan sloopt wurde om wentebou mooglik te meitsjen.

Wat it gefolch is fan ´e fersmoarging en wa´t foar de kosten fan it oprêden opdraait, is foarearst ûndúdlik. De algemiene tsjerkeried wol der ynhâldlik neat oer sizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)