Ferbou gemeentehûs noch yn berie

25 okt 2005 - 15:55

De gemeenteried fan Boarnsterhim hat noch gjin beslút naam oer de ferbou fan it gemeentehûs. Der wie grutte argewaasje ûntstien oer de kosten. De ferbouplannen falle djoerder út as dat begrutte wie.

Yn de riedskommisje hawwe de fraksjes fan de PvdA en CDA sein dat se wol meiwurkje wolle oan de ferbou. Mar se wolle noch wolris goed sjen nei de finansjele ûnderbouwing fan de plannen. Der is ekstern al ûndersyk dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)