Ferbou De Koornbeurs giet troch

08 sep 2004 - 17:30

De swierrichheden by teater De Koornbeurs yn Frjentsjer binne oplost. It teater kin dochs ôfboud wurde. De gemeente sette in pear moanne lyn de ferbouwing stil om't it net dúdlik wie oft de fundearing sterk genôch wie om de 142 nije sitplakken en in foyer te dragen. Der wiene te min gegevens.

Alles moast earst nochris goed trochrekkene wurde en dat is no dien. Neffens Zuurveen fan de gemeente is de fundearing dochs sterk genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)