Ferbou besikerssintrum op Skiermûntseach giet oer

13 jul 2015 - 16:54
  • It besikerssintrum Skiermûntseach

It plan om it besikerssintrum fan Skiermûntseach foar 1,3 miljoen euro te ferbouwen giet net troch. Natuurmonumenten sjocht it net mear sitten no't de plande iepeningsdatum fan 1 maaie takom jier net mear helle wurde kin. Dy fertraging is in feit omdat de gemeenteried fragen steld hat oer it projekt dêr't ekstra ûndersyk foar nedich is.

Natuurmonumenten jout it noch net hielendal op. Minsken mei in goed en helber idee foar in better besikerssintrum binne wolkom by de natoerorganisaasje.

Natuurmonumenten soe 650.000 euro ynvestearje en woe dêrnei ek de eksploitaasje dwaan. Der wurdt al tsien jier praat oer in better besikerssintrum om toeristen en eigen ynwenners ynformaasje te jaan oer de natoer op Skiermûntseach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)