Ferbod wentebou Warkum frege

19 mrt 2003 - 00:00

De GrienLinks Twadde-Keamerleden Van Gent en Duyvedak hawwe VROM-minister Kamps frege om de útfiering fan it lúkse wenningbouplan yn Warkum te ferbieden.

It giet neffens de politisy om 250 djoere keapwenten fan tusken de 295 en 595 tûzen euro it stik. Dat past net by de sosjale doelstelling fan Korporaasjeholding Fryslân dy't it bouplan mei VDM en de Grontmij útfiere wol yn de BV Thomashof.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)