Ferbod trochsnijen roustoet

16 jul 2009 - 12:21

It is fan takom jier ôf ferbean om troch in roustoet hinne te riden. Op oantrunen fan it Fryske Twadde-Keamerlid Sander de Rouwe wurdt it ferbod opnij ynfierd. Oant 1990 wie dit ferbean. Omdat der hieltyd minder faak gebrûk makke waard fan swarte folchauto's it dat lykwols ôfskaft.

De ynfiering hat foaral te krijen mei it tekoart oan respekt foar in roustoet. Utfeartbegelieder Meindert Heslinga brûkt al skoften werkenbere flachjes foar de auto's yn de stoet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)