Ferbod Riepe yn parkeargaraazje

21 jan 2004 - 00:00

Ferkeapers fan de Riepe meie net mear by Parkeergarages Leeuwarden komme. It bedriuw hat buordsjes yn de garaazjes en fytsestallingen ophongen, dêr't op stiet dat dêr neat ferkocht wurde mei.

De ferkeapers fan de strjitkrante soenen geregeld foar oerlêst soargje. De makkers fan de Riepe kinne har de beswieren yntinke en jouwe ta dat guon ferkeapers soms foar problemen soargje. Se fine it wol spitich dat se har ferkeapplak kwytreitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)