Ferbod rapsingle Awa frege

23 mrt 2010 - 12:14
  • Awa (Argyffoto)

De rjochter moat in single fan de rapper Awa út Ljouwert ferbiede. Dat fynt de frou dy't yn 2004 troch Awa yn 'e brân stutsen is. De frou wol net dat de saak sa wer yn de publisiteit komt. Awa sit fêst yn in tbs-klinyk. Dêr smokkele er in kamera nei binnen om dêrmei in fideoklip op te nimmen.

Flak foar syn arrestaasje yn 2004 makke Awa ek in rap, wêryn't er sei dat er spyt hie. De nije single soe in oanklacht wêze tsjin it tbs-systeem sûnder ynformaasje oer de saak fan 2004.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)