Ferbod op enerzjydrankjes

17 mrt 2014 - 14:07
  • Enerzjydrankjes

It enerzjydrankferbod op it Dockingakolleezje yn Dokkum wurket goed. De skoalle wie ien fan de earsten yn Nederlân dy't mei in ferbod kaam. Dat wie seis jier ferlyn. It ferbod wurket dêr goed, neffens de meiwurkers. De bern binne in stik rêstiger wurden.

Op hieltyd mear middelbere skoallen yn Nederlân jildt in ferbod op enerzjydrank. Neffens ûndersyk fan RTL is dat al op 140 middelbere skoallen yn Nederlân ferbean. Skoallen ferbiede de drankjes, omdat de learlingen der drok fan wurde, en faak ek siik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)