Ferbod op doarpsmûnen fan tafel

18 des 2014 - 19:54
  • Doarpsmûne Reduzum

It ferbod op doarpsmûnen is fan tafel. Dat makke de PvdA tongersdei bekend. Foar Fryske doarpen bliuwt it mooglik om mei-inoar in mûne te realisearjen. Dat betsjut lykwols net dat der yn elk doarp in mûne komme kin, seit Tjerk Voigt fan de PvdA. "De foarkar leit by doarpsmûnen yn in kluster, om sa ferrommeling yn it lânskip foar te kommen."

Wichtich is yn alle gefallen dat de ynwenners sels optimaal profitearje fan de opbringsten fan de mûne en sizzenskip krije oer de besteging fan it jild, jout Voigt oan as betingst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)