Ferbod op "De Zee Roept"

29 nov 2011 - 12:37

Der komt in ferbod op it boek 'De Zee Roept' fan skriuwer en muzikant Meindert Talma. De soan fan in seeman dy't yn it boek foarkomt, hie by de rjochter beswier makke tsjin publikaasje. Yn it boek stiet in tekstfragmint fan de seeman. En op in cd dy't by it boek heart, stean audiofragminten fan de man. De soan, Evert Hoedemaker, seit dat hy gjin tastimming jûn hat om dit te brûken. Hy frege de rjochter it boek en de cd te ferbieden.

Talma giet akkoart mei in ferbod op it orizjinele wurk. Earder al waard besletten gjin nije cd's te drukken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)