'Ferbod makket jeugd kreatyf'

12 jun 2014 - 11:56

It gedoch oer it alkoholgebrûk op Skylger kempings troch minderjierigen sil der ta liede dat sy harren útdaagd fiele om de alkoholregels te oertreden. En dêr kinne sy hiel kreatyf in wêze. Dat ferwachtet direkteur-eigener Willem Mier fan de Jumbo supermerk op Formearum.

Hy sit ticht by it fjoer mei jongereinkamping Appelhof yn itselde doarp. Hy tinkt dat 18-jierigen ynsetten wurde as boadskippers foar de jongere besikers dy't sels gjin alkohol keapje meie.

Simmerdeis sitte der jonge minsken achter de kassa en it is de fraach oft sy de psychologyske druk oankinne fan jongerein dy't besiket oan oan bier te kommen. Mier tinkt dat it wol goed komt. Mei de oerkoepeljende supermerkorganisaasje is der alles oan dien om it ferbod op alkoholferkeap oan jongerein ûnder de 18 te hanthavenjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)