Ferbod ljochtbak hat gefolgen

24 jan 2011 - 11:20

In ferbod op it jeien op foksen mei help fan ljochtbakken hat mooglik grutte gefolgen foar de greidefûgels yn Fryslân. Dat seit sekretaris Cor Udding fan de Faunabehearsienheid fan boereorganisaasje LTO. D66 yn de Twadde Keamer wol fan it jeien mei ljochtbakken ôf en sil dêr tiisdei by de minister op oantrune.

Oant ferline jier waard yn Fryslân noch in soad jage mei help fan de ljochtbakken en yn 2009 waarden sa goed 400 foksen ôfsketten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)