Ferbod grutte skippen Feanen

15 des 2010 - 11:21

De grutste binnenfeartskippen meie net troch de Alde Feanen farre. Dat hat de provinsje Fryslân besletten. It giet om it stik tusken de Krúswetters by Warten en Drachten. Reden foar it ferbod is de feilichheid op en om it wetter. Gruttere skippen kinne ek makliker skea oan de wâlskanten feroarsaakje.

De farwei is geskikt foar skippen fan 90 by 10,5 meter, mar romte om elkoar te passearjen is der net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)