Ferbod Angels foar rjochter

16 jan 2007 - 14:20
  • It gebou fan de Hells Angels yn Harns

Foar de rjochtbank Ljouwert tsjinnet tiisdei it ferbod fan de Hells Angels. It Iepenbier Ministearje wol de motorclub ferbiede, want wat de leden dogge is yn striid mei de iepenbiere oarder.

De fersiken om de Angels te ferbieden binne dellein by de sivile rjochter. Letter dit jier stiet de club ek noch foar de strafrjochter. Yn 2005 binne by guon leden wapens, munysje en in himpplantaazje oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)