Ferbetterplan Sperkhemskoalle

11 apr 2007 - 09:47

De ûnderwiisynspeksje is akkoart mei it ferbetterplan dat opsteld is foar de Sperkhemskoalle yn Snits. Dizze skoalle is in wykmannich lyn as bysûnder swak oanwiisd. Neffens de gemeente Snits falt it wol wat ta; yn guon lytse klassen ha learefterstannen fan ien of twa bern grutte ynfloed op de persintaazjes, sa seit de gemeente.

In âld-ûnderwiisynspekteur is ynskeakele by it ferbetterplan. De âlders ha betrouwen yn it skoalteam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)