Wapens as priis op It Amelân

17 jul 2015 - 18:04
  • It Amelân

De plysje op it Amelân freget jongeren har saneamde airsoftwapens yn te leverjen. De pistoalen, dêr't baltsjes mei sketten wurde kinne, binne útdield as priis. Dat waard dien troch de pleatslike amusemintshal. Neffens de plysje binne de wapens lykwols gefaarlik en is it net ferstannich om se yn it iepenbier te brûken.

Jongeren dy't no in Amelanner wapen hawwe wurde oproppen dat yn te leverjen by it pleatslike plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)