Ferbân trije sjitpartijen

07 jul 2003 - 00:00

De trije sjitparijen yn Ljouwert steane mei-inoar yn ferbân. Dat hat justysje moandei bekendmakke.

Foar de twadde sjitpartij hat in man al bekend. Twa oare manlju binne fertocht yn de earste en tredde sjitpartij. Ien fan har hat sein dat de deade fan de tredde sjitpartij belutsen wie by it earste ynsidint. De swierferwûne dy't by de lêste sjitterij foel is wer oansprekber. De plysje hopet dat er gau in ferklearring ôflizze kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)