'Fenner folget Speerstra op'

20 maaie 2010 - 15:41

Mitch Fenner wurdt mooglik de opfolger fan Gerard Speerstra by Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean. De Ingelsman rint op inisjatyf fan it turnbûn KNGU in pear dagen mei op It Hearrenfean.

'Tijdens het EK in Birmingham zijn de contacten ontstaan en we kregen een goede indruk van Fenner', sa seit topsportmanager Hans Gootjes fan de KNGU. Fenner soe de begelieder fan Epke Zonderland wurde moatte, njonken de Japanner Sadao Hamada en Daniël Knibbeler, dy't Zonderland no bystean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)