Fenna Zeinstra PC-keninginne

24 aug 2011 - 20:37
  • Fenna Zeinstra PC-keninginne

Fenna Zeinstra is útroppen ta keninginne op de 35e PC foar froulju yn Weidum. Se wûn mei har maten Margriet Koelmans en Leonie van der Graaf de wiete edysje fan dizze belangrykste keatswedstriid foar froulju.

Har partoer wie mei fjouwer seizoensoerwinnings ien fan de grutte favoriten. Yn de finale troffen se in oar favoryt partoer, dat fan Lisette Wagenaar, Imke van der Leest en Gérieke de Groot. De winst gie mei 5-3

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)