Fenna Zeinstra en Leonie van der Graaf hâlde op

27 jul 2015 - 17:29
  • Argyffoto Fenna Zeinstra, Lisette Wagenaar en Leonie van der Graaf

Twa toppers yn it frouljuskeatsen hâlde der mei op. Sawol Fenna Zeinstra (28) út Snits as Leonie van der Graaf (32) út Berltsum sette nei dit keatsseizoen in streep ûnder har karriêre. Fenna wol mear tiid hawwe foar it topfollybal by de froulju fan Snits, Leonie wol mear tiid foar har bern. Beide susters hawwe hast 20 jier keatst. Fenna wûn trije kear de frouljus PC, Leonie sels fjouwer kear. Fenna Zeinstra wie de earste frou dy't sawol de Ald Meijerspartij, de Jong fammepartij, it NK foar frouju en de PC op har namme skreau.

Leonie en Fenna foarmje in partoer mei Lisette Wagenaar. Sy giet wol troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)