Fenna en Hidde populêrste bernenammen yn Fryslân

19 jan 2016 - 11:29
  • Bertekaartsjes

Fenna wie yn 2015 opnij de populêrste famkesnamme yn Fryslân. Dat docht bliken út sifers fan de Sociale Verzekeringsbank. Fenna wie yn 2014 ek al de nûmer ien. Op nûmer twa en trije steane Lieke en Femke. 

By de jongesnammen wie der yn 2015 in nije nûmer ien: Hidde. Yn 2014 wie Jesse noch it populêrste. Dy stiet no op nûmer twa, foar Jurre. Lanlik sjoen binne Emma en Liam de nammen dy't it faakste jûn binne oan bern. 

Top 10 fan jongesnammen yn Fryslân
1.Hidde
2.Jesse
3.Jurre
4.Thijs
5.Jelte
6.Milan
7.Sven
8.Sem
9.Jens
10.Roan

Top 10 fan famkesnammen yn Fryslân
1.Fenna
2.Lieke
3.Femke
4.Emma
5.Ilse
6.Maud
7.Sanne
8.Anna
9.Benthe
10.Zoë

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)