Femma Sijtsma teloarsteld

18 feb 2005 - 17:25

De Nederlânske kampioenskippen skyen binne teloarstellend ferrûn foar de tweintich-jierrige Femma Sijtsma. Dy kampioenskippen wurde op dit stuit hâlden yn Eastenryk. De Hearrenfeanse waard tongersdei yn har klasse twadde op de reuzeslalom. Freed stie de gewoane slalom op it programma. Dêrby waard se tredde.

Femma Sijtsma wie ien fan de favoriten. Har doel om de nasjonale titel te winnen is net slagge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)