Feitsma: gjin soargen oer coverbands yn Schaaf

24 nov 2014 - 20:50

Leafhawwers fan cover- en tributebands hoege har gjin soargen te meitsjen oer de takomst fan harren muzyk yn Ljouwert. Dat seit wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert yn reaksje op krityk fan ferskate programmeurs fan poppoadium Schaaf. Sy binne benaud dat de gemeente yn de nije takomstfisy fan it Speelmanskertier gjin konserten mear tastean sil yn Schaaf. Benammen de lûdsoerlêst soe dêr reden fan wêze.

Mar neffens Feitsma is fan in ferbod gjin sprake. Wol moatte bands om alve oere jûns klear wêze. Dit is passend en wurkber, seit Feitsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)