Feinsum giet houtwjirm te liif

10 jul 2013 - 11:10
  • De tsjerke fan Feinsum
  • De tsjerke fan Bears
  • De tsjerke fan Peins

Yn de tsjerke fan Feinsum wurdt de kommende wiken de houtwjirm bestriden. It wurkis ûnderdiel fan restauraasjewurk oan fiif tsjerken fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Neist dy yn Feinsum binne dat de tsjerken fan Bears, Blessum, Olterterp en Peins.

Yn de tsjerke fan Peins sit it atelier fan filtkeunstner Claudy Jongstra, mar omdat har wurk op dit stuit op in oar plak hinget kin ûnder oare it stúkwurk fernijd wurde. Ek yn in tal oare tsjerken wurdt stúkwurk fernijd, mar bygelyks ek it foechwurk oanpakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)