Feiling Tuxham bringt ton op

29 jul 2003 - 00:00

De feiling fan de ynboedel fan it fallite transportbedriuw Tuxham fan it Hearrenfean hat tiisdei goed 100.000 euro opbrocht. Der kamen sawat 75 hannelers en partikulieren op de feiling ôf. De nijsgjirrichste saken foar harren wiene in tal frachtweinen en oplizzers.

Kurator Roodhof is tefreden oer de opbringst fan de fallisemintsferkeap. Tuxham Expeditie gie begjin april fallyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)