Feiling smyt doweklup jild op

14 mrt 2010 - 16:20

Leden fan de lytse postdoweferiening De Koerier út Bûtenpost hawwe der in moaie ynstruier by krigen. De klup koe noch wol wat jild brûke om ûnder mear it klupgebou te ûnderhâlden en de kontribúsje wat yn 'e stringen te hâlden. Dêrfoar waard sneon in dowefeiling organisearre wêrby't jonge dowen oanbean waarden.

Op de feiling kamen ek minsken fan bûten de 24 leden tellende feriening ôf. De feiling smiet hast tûzen euro op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)