Feiling sieraden Otazu

09 okt 2009 - 15:02

Op 19 oktober wurde yn Drylts sieraden fan de wrâldferneamde ûntwerper Otazu feild. Feilinghûs Ald Fryslân sil de 120 sieraden fuortdwaan yn in likwidaasjefeiling. It Nederlânske bedriuw fan Otazu is fallyt gien en dêrom gean de sieraden tsjin elk oannimlik bod fuort.

Der wie al in bod fan 30.000 euro op de hiele kolleksje kaam, mar dat koe it feilinghûs net oannimme. Der is nammentlik ôfpraat dat alle sieraden it stik ferkocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)