Feiling Rinsma State stopset

03 des 2010 - 14:50
  • Rinsma State yn Driezum

De feiling fan 'e ynboel fan Rinsma State yn Driezum is stopset. Jan Smeeing fan Soest, dy't earder it monumintale gebou kocht, hat in nij bod dien op 'e ynboel. In earder bod wie net genôch. Dêrom woe it feilinghûs feile. Mar no't de partijen wer ûnderhannelje, is dat stopset.

Unreplikguodhanneler Smeeing kocht Rinsma State foar 1,7 miljoen euro. Hy is spesjalisearre yn histoaryske gebouwen. It gebou kaam te keap nei't eardere eigner Scheringa fallyt gie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)