Feiling mei guod Mata Hari smyt 17.000 euro op

01 apr 2016 - 16:33
  • De feiling fan Mata Hari-guod yn Amsterdam

In feiling mei guod fan de Ljouwerter dûnseres en spionne Mata Hari yn Amsterdam hat freed 17.000 euro opbrocht. Der kamen ûnder oare sieraden, in pendule, in moarmeren byld en in berne-servyske ûnder de hammer. It guod kaam út in partikuliere kolleksje.

It Fries Museum hat net meidien oan de feiling, neffens in wurdfierder fan it museum is it net dúdlik oft de ferkeapjende partij wol echt de eigener is fan it guod.

Opbringst heger as tocht

De opbringst wie heger as fan te foaren tocht waard. It feilinghûs hie de foarwerpen mei sin taksearre as oft it om in reguliere boedel gie, omdat net yn te skatten wie wat de ekstra wearde wêze soe fan de namme Mata Hari.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)